YKFE - Yntertsjerkelike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst - 9 oktober

 

Op sneon 9 oktober o.s. fan 15.30-17.00 oere sil yn de Grutte of  Jakobinertsjerke te Ljouwert it Tsjinstboek – in oanset dl II – feestlik yn gebrûk nommen wurde.

 

De ferskate ûnderdielen fan it Tsjinstboek sille mei help fan sketskes út ’e deistige (en sneinske) tsjerklike praktyk ta libben brocht wurde en wy sille mei-inoar lieten sjonge dy’t by dy ûnderdielen passe.

Yn it sjongen sille wy bystien wurde troch de kantorij fan Terpoarte (d.i. de Protestantske gemeente fan Boksum-Deinum-Blessum) en de Lytse Kantorij fan de Protestantske gemeente Burgum. Theo Jellema bespilet it oargel.